|
|
|
|
|
| |
 |
 |
 |
 |
| |
|
|
|
|
|
|
|
Clublied
Kearsang
Rûnom toer en piip fan it âld
fabryk
Leit ús doarpke Ikkerwâld
Dêr fiele wy ús as in kening sa ryk
Dêr is wille foar jong en foar âld
Yn it âld Ikkerwâld tusken beamtegrien
Dêr bonket it bûnzjende hert
Dêr binne it keatsen en reedriden ien
Dêr is wille en nocht oan't jûns let
De Snûter, symboal foar mei-inoar ien
Is krekt ferlyn noch ferboud
Troch eigen minsken stien op stien
En alles stiet geef en fertroud
Kearsang
Yn 'e simmer ha wy dêr keatserij
By sinne, kjeld en wyn
Fammen en jonges dogge allegear mei
Foar bêst op en oars efteryn
Sa ha wy in bân mei Nut en Nocht
Sa is't troch de jierren ûntstien
Us âldelju ha ús al safier brocht
Wy bin' mei ús erfskip begien
Kearsang
En komt kening winter wer yn it lân
Dan lit ús dat net kâld
Dan stappe wy allegear hân yn hân
Nei it hert fan ús âld Ikkerwâld
De redens dy wurde dêr ûnderbûn
De muzyk dy nimt ús mei
Wy ride en glide mei de rêgen rûn
Op syn moaist wol de hiele dei
Kearsang |
|
|
| |
|
|
|
|
|
|